Betide start Fryske Muzykwike

25 okt 2010 - 06:25

Om seis oere moarndeitemoarn is by Omrop Fryslân de Fryske Muzykwike úteinset. Dat barde mei in optreden fan dweilorkest De Menaemer Feintsjes by sjongeres Country Wietske yn Ljouwert. Foar it dweilorkest wie it it betiidste optreden ea.

Yn de Fryske muzykwike is der op radio en tillevyzje in soad omtinken foar Fryske muzyk. Op de radio wurdt der sels allinnich mar Fryske muzyk draaid. Nei Country Wietske waard Piter Wilkens út bêd spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)