Epke wint sulver op WK

24 okt 2010 - 17:27

Epke Zonderland is snein twad wurden op it WK turnjen yn Rotterdam. Op it ûnderdiel rek hie er in fantastyske oefening, mar yn de alderlêste beurt wie de Sinees Zhang krekt wat better.

De Lemster krige 16.033 fan de sjuery. De Sinees krige justjes wat mear, 16.166. Krekt gjin goud dus foar Epke, mar sulver. De Fries is sels bot te sprekken oer syn bêste oefening oait. Hy is bliid dat er dit sjen litte koe nei it blessuereleed fan de ôfrûne tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)