Grutte Pier by kampanje FNP

De FNP-kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings yn de Súdwesthoeke-gemeente is begûn. Yn Kimswert die Grutte Pier dat. Grutte Pier waard spile troch sterke man Wout Zijlstra. Hy is listtriuwer foar de FNP by de ferkiezings op 24 novimber.
Neffens listlûker Germ Gerbrandy jout de nije gemeente ferantwurdlikheid, mar ek kânsen. Gerbrandy wie posityf oer de eigen kânsen. Neist de FNP dogge noch tsien partijen mei oan de ferkiezings op 24 novimber.