Stellerij út winkel Westhoek

24 okt 2010 - 15:30

Ynbrekkers ha sneontenacht in grut tal elektryske apparaten stellen út in winkel yn Westhoek. De dieven hawwe ûnder oare flatscreens en skearapparaten meinaam. Ek is in grut jildbedrach ferdwûn.

Nei alle gedachten hawwe de ynbrekkers in buske mei hân om it stellen guod meinimme te kinnen. Se wiene binnenkaam troch de doar iepen te brekken. De technyske resjerzje sil de ynbraak neier ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)