Dieverij yn winkel en sporthal

In frou (31) út Rotterdam is sneon op It Hearrenfean oanhâlden. Meiwurkers fan in winkel seagen dat se yn in preparearre tas broeken stellen hie. Se achterfolgen de frou en bellen de plysje. De frou hie earder dy middei yn in oare winkel besocht wat te stellen. Se wie ek al yn Stienwyk sjoen. De frou is ynsletten.
Ut klaaikeamers fan de sporthal oan de Peter Vaasstrjitte yn Wolvegea is stellen. Jild, klean en elektroanika wurdt fermist.