Bekeurd foar ferbaarnen ôffal
In frou (46) út Wynjewâld hat sneon in bekeuring krigen. Se wie ôffal oan it ferbaarnen. Surveillearjende plysje seach grutte reekwolken achter in hûs oan de Loksleane.
Op it hiem seagen se dat ôffal yn in oaljetonne yn de brân stutsen wie. Der wie ek plestik en izer by. De bekeuring is jûn om't it om in miljeu-oertrêding giet.