Botsing op A6

24 okt 2010 - 14:23

By in botsing op de A6 rekken sneontemoarn trije minsken ferwûne. In bestjoerder (53) út Ommen wykte ynienen út nei links. In automobilist (19) fan De Lemmer woe in botsing foarkomme en stjoerde ek nei links. Hy kaam yn de slip en botste op in auto fan ien (39) út Wezep.

De Lemster rekke ferwûne. Hy is nei it sikehûs brocht. Twa minsken út de wein fan de Wezeper bestjoerder hiene lêst fan de nekke. De ferwûnings foelen ta. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)