Omrop mediapartner Haadstêd

24 okt 2010 - 13:21

Omrop Fryslân wurdt mediapartner fan de Stifting Kulturele Haadstêd 2018. Dat betsjut dat de kampanje om fan Fryslân kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen rom omtinken krije sil op de Fryske radio en televyzjestjoerder.

Der wurde ekstra programma's makke. Foar dy programma's krijt de Omrop jild fan de stifting. Hoe't dy ekstra programma's der út sjogge en wat de ynfolling fan it partnerskip is, wurdt noch bepraat. De Omrop sil it barren wol kritysk folgje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)