Bergsma 4e by earste maraton

24 okt 2010 - 12:48

De earste maraton fan dit jier op de Jaap Edenbaan is sneon wûn troch Rob Hadders fan Grins. Bêste Fries waard Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Hy waard fjirde.

It wie striemin waar yn Amsterdam mei in protte rein en in hurde wyn. Nei 60 rûntsjes wie de iennige ûntsnapping. In kopgroep fan 14 man naam ien ronde foarsprong op it peloton. Hadders wûn de sprint fan de kopgroep. Cees Juffermans waard twadde. It tredde plak wie foar Geert Plender.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)