Kuiertocht KiKa ferrint goed

David en Daniel Eizinga út Appelskea rinne foar it goede doel. Yn fjouwer dagen tiid rinne se mei in spesjale bernewein fan Amsterdam nei har wenplak. Se binne woansdei begûn. Se wolle jild sammelje foar de stichting KiKa, dat stiet foar Kinderen Kankervrij. Nei ferwachting wurdt de doelstelling realisearre om 10.000 euro binnen te heljen.
David en Daniel Eizinga komme sneon om 18.00 oere oan yn Appelskea. Der is in ûntfangst mei muzyk organisearre.