Druvepluk yn Kûbaard

It liket min mei de rispinge fan Nederlânske wynboeren. De kwaliteit soe dit jier minder wêze as oars om't der te min sinne west hat.
Yn Fryslân wurdt de lêste jierren ek wyn makke en dêr liket de skea ta te fallen. Yn Kûbaard wurde sneon by wyngerd Op Joarum yn Kubaard sa'n 2000 druven plukt. Yn tsjinstelling ta syn kollega's ferwachtet wynboer Martijn Heeg krekt wol in kwalitatyf goede opbringst en lekkere wyn. Fan de opbringst wurde tûzen flessen wyn makke.