Tyt'diel praat mei Warten

23 okt 2010 - 12:45

Tytsjerksteradiel sil mei Pleatslik Belang Warten prate oer weryndieling. Warten leit no yn Boarnsterhim, mar dy gemeente wurdt ferdield oer ferskate gemeenten.

Tytsjerksteradiel wol graach dat it natuergebiet De Alde Feanen by dy gemeente komt, mar koartlyn waard bekend dat it gebiet mooglik by Ljouwert komt. Dêrmei soe Warten ek wolris nei Ljouwert gean kinne. It petear stiet foar tongersdei pland. Dan kinne Wartensters har miening jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)