Auto oer de kop by B'Sweach

23 okt 2010 - 10:40

Op de sneldyk de A7 ter hichte fan Beetstersweach is ôfrûne nacht in persoane-auto achterop in frachtwein riden. Hjirby is de bestjoerder fan de persoane-auto ferwûne rekke. De auto fan it slachtoffer kaam tusken de tsjillen fan de oanhinger fan de frachtwein en sloech oer de kop.

De brânwacht en in mobyl medysk team út Grins moasten der oan te pas komme om help te ferlienen. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)