Nije lokale omrop yn 'e loft

22 okt 2010 - 20:49

De nije lokale omrop fan de fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke is in feit. SWF Lokaal, de opfolger fan RTN, A7FM en Radio Markant, hie freedtejûn syn earste útstjoering.

Neist radio makket SWF Lokaal ek tillefyzje en is der in eigen webside. Om de frijwiliggers temjitte te kommen yn reistiid stjoert SWF lokaal ek de kommende tiid út fanút trije ferskate studio's: yn Snits, yn Koudum en yn Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)