Nij sportkompleks Grou iepene

De Grouster fuotbalferiening GAVC hat nije fuotbalfjilden
De Grouster fuotbalferiening GAVC hat syn nij ûnderkommen oan de Birstumerdyk yn Grou yn gebrûk naam. Freedtemiddei binne de trije fjilden, de kantine en de klaai-akkommodaasje offisjeel iepene.
It kompleks koste mear as in miljoen euro. De finânsjes wiene rûn foardat de gemeente Boarnsterhim yn swierrichheden rekke.