Feriene Lofts wol lanlik wurde

22 okt 2010 - 16:58

De nije linkse partij Feriene Lofts/Verenigd Links moat lang om let útgroeie ta in lânlike partij. Dat waard freedtemiddei sein by de presintaasje fan de partij yn it stedhûs fan Snits. De partij is oprjochte omdat de pleatslike SP gjin tastimming krige om mei te dwaan oan de ferkiezings yn de Súdwesthoeke.

Ferskate SP'ers wiene doe sa lilk dat se in nije partij opset ha. Foar dy partij is belangstelling út hiel Fryslân, mar ek dêrbûten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)