Elzehoarntsje fret elzen op

22 okt 2010 - 16:29

Der moat net besunige wurde op it ûnderhâld oan elzesingels yn de noardlike Fryske wâlden. Dêrfoar pleitet beamsaakkundige Jan Feenstra fan De Westereen. Feenstra konstatearret dat guon elzen oantaast wurde troch it elzehoarntsje.

De krobben frette blêden fan de beammen op, wêrtroch dy minder fitaal wurde. De elzehoarn kin net bestriden wurde. Wol kinne deade elzebeammen kape wurde, sadat jonge beammen de kâns krije te groeien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)