Earste Crum Court yn Ljouwert

22 okt 2010 - 15:08
  • Ben Crum op it nei him neamde court

It earste Crum Court fan Nederlân is freed iepene yn Ljouwert. In Crum Court is in lyts kuorbalfjild dat foar eltsenien tagonklik is. Ben Crum wurdt sjoen as de promoater fan it kuorbal. Hy hat 15 jier bûnsscoach west en hat sels ek in soad coaches oplaat. Neffens de kuorbalgoeroe binne de iepenbiere fjildsjes nedich om bern oan it kuorbaljen te krijen.

It kuorbalfjild leit yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren. De iepening heart by de PR foar it EK kuorbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)