Soargen oer paralleldyk Stiens

De FNP yn Ljouwerteradiel makket him soargen oer de feiligens op de paralleldyk tusken Stiens en Ljouwert. Neffens de partij ha der op de dyk de ôfrûne wiken twa kear oanridingen west tusken fytsers en lânbouferkear.
De FNP fynt dat lânbouferkear nei de haadrydbaan ferhúzje moat. Mocht dat net de hiele dei kinne, dan soe it yn elts gefal tusken seizen en njoggenen moarns en tusken fjouweren en seizen jûns moatte. De ferkearswethâlder soe yn aksje komme moatte, sa seit de FNP.