Jans feroaret opstelling

Hearrenfean-trainer Ron Jans
Trainer Ron Jans fan Sportklup Hearrenfean wiziget syn alvetal foar de wedstriid fan sneontejûn tsjin VVV-Venlo op twa plakken. Michal Papadopulos spilet op it plak fan Bas Dost yn de spits en Gerry Koning ferfangt ferdediger Daryl Janmaat.
Dat wie de útkomst fan de lêste training. Jans woe sels oer de opstelling neat kwyt. De wedstriid Hearrenfean-VVV is de striid tusken de nûmer tsien en de nûmer foarlêst.