Sûnder ljocht oer de Wâldwei

In autorider (24) út Twizelerheide moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje fanwege gefaarlik rydgedrach. Plysjes seagen de man sûnder ferljochting oer de Wâldwei riden. Se kearden, mar rekken de bestjoerder kwyt. Koarte tiid letter seagen se him mei 100 kilometer de oere oer de Birdaarderstrjitwei riden. Tritich kilometer is dêr it maksimum.
Neidat de man op in rotonde tsjin de rydrjochting yn gie, waard er oan de kant setten.