Nepwapens yn beslach nommen

22 okt 2010 - 10:05

De plysje hat yn in hûs yn Stiens fjouwer nepwapens yn beslach naam. It giet om fjoerwapens, dy't amper te ûnderskieden wiene fan echte wapens. It besit fan sokke wapens is ferbean.

De 22-jierige eigner hat yntusken ôfstân fan de wapens dien. Hy hat fan de plysje in proses-ferbaal krigen. De plysje kaam de man op it spoar nei in tip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)