Liening foar Lauwerseach

22 okt 2010 - 06:39

De rie fan Dongeradiel giet dochs akkoart mei in gemeentlike liening fan fjouwer ton oan de fiskerijhaven fan Lauwerseach. Mei dat jild moat de haven opknapt wurde om better konkurrearje te kinnen.

Earder fûn de gemeenterie fan Dongeradiel noch dat der net genôch garânsje wie dat it jild ek werombetelle wurde soe. Troch striktere regels oan de liening te ferbinen kin de gemeenterie him der no dochs yn fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)