Ekstra riedsgearkomste Harns

21 okt 2010 - 23:54

De opposysjepartijen yn de gemeenteried fan Harns wolle dat der takom wike in ekstra riedsgearkomste hâlden wurdt oer de Tall Ships' Races yn 2014. Se hawwe dêrfoar in fersyk yntsjinne by boargemaster Scheffer fan Harns. Woansdeitejûn stimden de koalysjepartijen tsjin in bydrage fan fjouwer ton foar de komst fan it evenemint nei de stêd omdat se it bedrach te heech fûnen.

Yntusken hat it Harnzer bedriuwslibben tasein oardel ton beskiber te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)