It ljocht út yn 16 gemeenten

21 okt 2010 - 23:43

Yn Fryslân dogge 16 gemeenten takom wike sneon mei oan de 'nacht van de nacht'. Provinsjale Miljeufederaasjes en de Stifting Natuer en Miljeu freegje op dizze wize omtinken foar it belang fan tsjustere nachten. Yn it hiele lân geane op ferskate plakken de ljochten út. Yn Fryslân wurde mear as 20 aktiviteiten hâlden.

Yn Ljouwert is de Aldehou net ferljochte. De NAM sil alle ljochten op it platfoarm foar de kust fan It Amelân útdwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)