Nuon stapt út sinnesellefabryk

21 okt 2010 - 16:48

Enerzjybedriuw Nuon lûkt him werom út de produksje fan sinnesellen yn Arnhim. Nuon hat it beslút nommen ûnder druk fan it Sweedske memmebedriuw Vattenfall. It ynsetten op duorsume enerzjy wie ien fan de betingsten foar de oername fan NUON troch Vattenfall.

Mar neffens de provinsje Fryslân, oandielhâlder fan Nuon, bliuwt de betingst dat Nuon duorsum produsearje moat oerein. Fryslân sil wol oerlizze mei Gelderlân oer dizze saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)