Hearrenfean: 9 miljoen suniger

De gemeente Hearrenfean moat de kommende jierren flink besunigje. It giet oant 2014 om njoggen miljoen euro. De besunigings sille ûnder oare 50 banen kostje by de gemeente, mar it is it doel dat op te heinen troch natuerlik ferrin.
Fierder wurdt besunige op saken lykas subsydzjes, iepenbiere romte en ûnderwiishúsfesting. Ek sil de ûnreplik saakbelesting mei 2% omheech. De gemeente krijt mear taken oplein út Den Haach, mar minder jild.