Keurmerk foar swimbad De Kûpe

21 okt 2010 - 16:19

Swimbad De Kûpe fan Bûtenpost hat woansdeitemiddei it heechste keurmerk 'Veilig en schoon' krigen dat in swimbad krije kin foar feiligheid en regeljouwing.

Dat is opmerklik, want de takomst fan it swimbad is ûnwis. De gemeente Achtkarspelen moat besunigje en wol it swimbad slute of ferkeapje. De gemeenteried lit ûndersykje wat de mooglikheden binne. Wethâlder Van der Veen jout ta dat it keurmerk it noch dreger makket om it swimbad te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)