EK kuorbaljen útferkocht

De foarronde fan it EK Kuorbaljen 2010 dat yn it wykein yn Ljouwert hâlden wurdt yn sportsintrum Kealledykje, is útferkocht. Mear as 1000 taskôgers sille de wedstriden sjen. Neffens de organisaasje hoege minsken net te besykjen om op de spyldagen noch oan kaartsjes te kommen. Ljouwert is ien fan de fjouwer stêden dêr't de foarronden hâlden wurde.
Neist Nederlân dogge Dútslân, Servië en Hongerije mei yn Ljouwert. De finale is op 31 oktober yn Rotterdam.