Teloarstelling yn Harns

21 okt 2010 - 13:38

De plannen foar de komst fan de Tall Ships' Races nei Harns wiene net goed genôch ûnderboud en der wie tefolle ûndúdlik oer de kosten. Dat sizze de riedsleden dy't woansdei wegeren om fjouwer ton út te lûken foar it evenemint. Dy riedsleden wiene yn de mearderheid en dêrom giet it hiele ferhaal oer: gjin tallships yn Harns yn 2014 en ek gjin 350.000 besikers.

Foarstanners lykas Arjen Mintjes fan de organisaasje, binne tige teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)