Needaggregaat nei Eastmahorn

21 okt 2010 - 13:27

De 40 oant 50 bewenners fan rekreaasjepark Eastmahorn by Eanjum krije nei alle gedachten tongersdei of freed wer stroom. De bewenners binne mei netwurkbehearder Liander yn ûnderhanneling oer it pleatsen en oansluten fan in needaggregaat.

De húskes op it park binne sûnt freed ôfsletten fan de stroom, omdat de rekken net betelle wie. It oplossen fan de problemen op it rekreaasjepark Eastmahorn is dreech, trochdat de eigner fan it park slim siik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)