Flyers: 6 punten yn mindering

21 okt 2010 - 12:25

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers binne troch it iishockeybûn (NIJB) bestraft mei seis strafpunten. Ofrûne sneon waard de nije Slowaakse ferdediger Martin Zajac opsteld, mar dat hie net mochten. Neffens de NIJB wie Zajac noch net frij jûn troch it Slowaakse iishockeybûn.

Grutte konsekwinsjes hat dit net foar de Flyers. De strafpunten jilde allinnich foar de bekerkompetysje en dêr wiene de Feansters al foar útskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)