Wer gaslek yn Aldlân

De wyk Aldlân waard ôfsletten (foto: Anton Kappers, Nieuwsuitfriesland.nl)
Oan de Stinzeflora yn de Ljouwerter wyk It Aldlân is in gaslekkaazje. De lekkaazje is ûntstien by graafwurk foar de glêsfezelkabel dy't oanlein wurdt. De brânwacht is dwaande mei it dwaan fan mjittings om te bepalen wat de buertbewenners dwaan moatte.
Ferline wike wie op itselde plak ek al gaslekkaasje. Doe moasten de minsken doarren en ruten ticht hâlde. Doe waard ek it skipferkear op it Van Harinxmakanaal stil lein. Nei in oere waard de dyk wer frijjûn.