Ferhúzje fanwege buertterreur

21 okt 2010 - 11:43

Guon bewenners fan 'e Frjentsjerter Keatsersbuert binne oerlêst fan jongerein sa sêd dat se ferhúzje. In groep fan 20 jongeren terrorisearje de buert. Se slope boarterstunen, skelle bewenners út en slaan ruten yn.

Foaral âldere minsken kieze derfoar om de wyk te ferlitten. Ferskate gesinnen binne al fuort en fiif oare hawwe de doazen al ynpakt. Buertfoarsitter Jan Miedema. Miedema wol graach in buerthûs ha om sa de jongerein byinoar te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)