Definsje:fleanbasis net ticht

Sluting fleanbasis soe net oan de oarder wêze
De Keninklike Loftmacht ûntkent dat de fleanbasis Ljouwert mooglik sletten wurdt. De Telegraaf melde dat tongersdei op basis fan ynterne definsje-rapporten. Yn de rapporten wurdt sprutsen fan 'ekonomyske gefolgen foar Noard-Nederlân'.
In wurdfierder fan definsje seit dat der in soad ynterne rapporten binne. Yn ien dêrfan is wolris oppere de fleanbasis fan Ljouwert te sluten, mar dat rapport soe al lang wer fan tafel wêze, sa seit de wurdfierder.