Harns: nee tsjin Tall Ships

21 okt 2010 - 06:29

De Tallships fan Sail binne yn 2014 net wolkom yn Harns. Dat wie woansdeitejûn de útkomst fan de ried fan Harns. De organisaasje fan de Fryske Havendag woe graach dat it wrâldferneamde evenemint mei hiele grutte skippen - saneamde tallships - yn 2014 nei Harns komme soe.

Mar de gemeenteried hat nee sein. It evenemint soe te grut wêze foar Harns, sa tinkt in mearderheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)