N354 ticht om ûngelok

21 okt 2010 - 06:10

Der ha tongersdeitemoarn al ferskate oanridings west op de Fryske diken. De N354 tusken Wâldsein en de brêge by Spannenburch wiene in skoft ticht omdat in frachtwein kantele wie. De frachtauto lekte diseloalje.

Op de A31 by Frjentsjer wie in ûngelok mei in Nissan Patrol. De auto botste op in grut ANWB-ferkearsboerd, dat dêrby midstwa bruts. By dit ûngelok rekke nimmen ferwûne. Auto en ferkearsboerd waarden fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)