Miljoenen foar greidefûgels

20 okt 2010 - 22:08

Elk greidefûgelpearke dat kompensearre wurde moat foar de komst fan de Heak om Ljouwert kostet 30.000 euro. Om te fergelykjen: in persoan yn de bystân kostet de mienskip 10.000 euro it jier. Mei-inoar is der troch it ryk en de provinsje 4,5 miljoen euro útlutsen foar de kompensaasje foar de fûgels.

Dy kosten binne sa heech troch alle wetten dy't folge wurde moatte en foar it beskikber krijen fan it lân. Guon partijen yn de steaten fine dit fierstente folle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)