Man oerfallen yn Ljouwert

20 okt 2010 - 21:29

Op it fuotgongerspaad by it wetter oan de Boksdoornstrjitte yn 'e wyk Skieringen yn Ljouwert is woansdeitejûn in man oerfallen. De mooglike dieder woe jild mar it slachtoffer hie allinnich in húskaai by him.

De oerfaller is in man mei in donkere hûdskleur. Hy hie donkere klean oan en in gouden ketting om. Boppedat hie er in grutte groede op it wang. De plysje hat in boargernetaksje op tou set om de man te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)