Primeur foar Kealledykje

20 okt 2010 - 20:21

By swimbad Kealledykje yn Ljouwert wurdt tongersdei begûn mei wurksumheden foar it bouwen fan in natuerwaarmte-ynstallaasje. It wetter fan it swimbad kin dêrtroch yn de takomst ferwaarme wurde troch houtsnippers. No bart dat noch mei gas.

It Kealledykje is it earste swimbad yn 'e wrâld dat fan dizze technyk gebrûk makket. Troch de houtsnippers op in bulte te smiten wurdt biologyske waarmte opwekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)