Fryske hynders op it strân

20 okt 2010 - 20:08

Op it strân fan Kallantseach sille takom wike sneon 330 Fryske hynders tagelyk in rit meitsje. Se rinne dan in tocht fan hast trije oeren fan Julianadorp nei Huisduinen. Dielnimmers mei Fryske hynders komme út it hiele lân. Ek hawwe har tolve ruters út Dútslân melden.

It is yn Nederlân noch net earder bard dat sa'n grutte groep hynders fan ien en itselde ras by elkoar brocht is om in tocht te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)