Flinke besunigings Hearrenfean

20 okt 2010 - 19:59

De gemeente Hearrenfean moat de kommende jierren miljoenen euro's besunigje. Yn 2014 giet it om in besparring fan 9 miljoen euro. Der wurdt skrast yn de eigen organisaasje. Dat sil 50 folsleine banen kostje. Ek sil der skrast wurde yn it útfieren fan taken troch de gemeente.

Foar 2011 is it noch slagge om de begrutting slutend te krijen troch 9 ton te besunigjen. Om de mearjierrebegrutting rûn te krijen moat noch fierder besunige wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)