Bioskoop tinkt om horror-Sint

20 okt 2010 - 16:47

De bioskopen yn Ljouwert hâlde rekken mei de gefoelichheden om de nije Sint-film hinne. In protte âlders fan lytse bern meitsje beswier tsjin de horrorfilm fan regisseur Dick Maas. Nei oanlieding dêrfan sil de Reklamekoadekommisje besjen oft de filmposters ferbean wurde moatte.

Yn Ljouwert wurdt de film op in oar plak fertoand as de bernefilm Sint en het Pakjesmysterie. Ek wurde posters en oar promoasjemateriaal safolle mooglik by bern weihâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)