Brânbrief oer Fryske taal

20 okt 2010 - 16:01

It Nederlânske regear giet sleau om mei de Fryske taal. Dat sizze 17 Fryske organisaasjes en it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Se stjoere in brânbrief oan de Ried fan Europa en minister Donner fan ynlânske saken.

Neffens de organisaasjes wurdt it Frysk te faak fergetten yn it meitsjen fan nije wetten. Boppedat libbet Nederlân de Europeeske regels net nei. Yn septimber hie rapporteard wurde moatten oan de Ried fan Europa oer de stân fan it Frysk, mar dat is net dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)