Minder ynset foar rôffûgels

De oanpak fan de rôffûgelferfolging hat foar de Fryske plysje net langer prioriteit. It tal meldings fan deamakke fûgels is dit jier krekt bot tanaam. Fiif jier lang hat de Fryske miljeuplysje ynset op it opspoaren fan minsken dy't rôffûgels deameitsje. Der binne kamera's yn bosken ophongen.
Yn ferliking mei ferline jier is it tal meldings fan rôffûgelferfolging omheech gien. Yn it briedseizoen wiene der yn 2009 63 meldings, dit jier 90.