Meldpunt foar jachtynsidinten

20 okt 2010 - 14:43

De Fryske ôfdieling fan de Partij voor de Dieren iepent in Meldpunt Jachtincidenten. De earste meldingen binne der al, oer jagers dy't by maïsfjilden wachtsje op de rispinge. De bisten ferskûlje har en fleane fuort as de masines der oankomme. Dan kinne se maklik deasketten wurde. In soad minsken binne dêr lilk oer om't de bisten gjin kâns meitsje soene.

It publyk wurdt ek frege om troch te jaan wêr't jachthutten steane. Net alle hutten ha in fergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)