Lintsje foar Kobus Algra

Kobus Algra út Menaam hat woansdei in keninklike ûnderskieding krigen. Boargemaster Van Delft-Jaarsma rikte it lintsje út oan Algra. Hy hat him sûnt 1969 ynset foar de sport, muzyk en kultuer yn de mienskip fan Menaam. Sa is er ûnder oare oprjochter en orkestlieder fan De Wiko's, in dûns en stimmingsorkest.
Algra hat it lintsje krigen by de gelegenheid fan de ôfsluting fan de fiering fan it 40-jierrige bestean fan De Wiko's.