Jild foar MFC de Dobber

© Omrop Fryslân
It multyfunksjoneel sintrum Fryske Peallen krijt 25.000 euro fan it Oranjefûns. Dat jild is bedoeld foar de ynrjochting fan doarpshûs de Dobber. De bou fan it nije doarpshûs is ûnderdiel fan de nijbou fan de brede skoalle. Dêryn komme ek twa basisskoallen en in pjutteboartersplaken.
Heal novimber wurdt begûn mei de bou, it moat foar it folgjende skoaljier klear wêze.