Noch gjin stroom fakânsjehuzen

De bewenners fan fakânsjehúskes by de jachthaven yn Eastmahorn sitte noch hieltyd yn de kjeld. Sûnt freedtemoarn is der gjin stroom. It enerzjybedriuw hat de stroom ôfsletten om't rekkens troch de eigner net betelle binne.
De feriening fan bewenners praat mei it enerzjybedriuw om wer stroom te krijen. Dat sil ein dizze wike of begjin nije wike sa wêze. In soad bewenners binne fuortgien. Oaren ha in aggregaat oanskaft om dochs stroom te hawwen.