Tsjûgen socht fan berôving

De plysje siket tsjûgen fan in berôving. In frou (18) út Ljouwert siet freedtenacht yn de trein. Doe't de trein stoppe yn Wolvegea, woe in man har tas stelle. Dat slagge net om't se de tas goed beethâlde.
De fertochte luts de frou mei de trein út. Se raasde om help, mer net ien reagearde. Se foel op it perron en kaam mei de foet tusken de trein en it perron. Omstanners diene neat. De man naaide út. Tsjûgen kinne belje mei 0900-8844.